Mei it each op de takomst! – Ferkiezingsprogramma CDA Dantumadiel 2006-2010



Węr steane wy foar?

 

It CDA-Dantumadiel is in moderne kristen-demokratyske partij, dy’t fan it Bibelske boadskip útgiet by it sykjen nei antwurden op de maatskiplike fraachstikken fan hjoed en moarn. De politike fyzje fan it CDA-Dantumadiel is sadwaande net statysk, mar kin bysteld wurde, ôfhinklik fan de fragen fan de tiid. Feiligens, mienskipssin, rjochtfeardigens en ferantwurdlikens binne wichtige itichpunten by it beliedmeitsjen.

 

It CDA-Dantumadiel sjocht de gemeente as in mienskip dęr’t men jin thúsfielt en dęr’t de ynwenners harren der bewust fan binne, dat hja de ierde yn brűklien hawwe en dat hja ferantwurdlik binne foar natoer en miljeu. Dan is der ek in takomst foar de kommende generaasjes.

 

It CDA-Dantumadiel wol dat de rjochtsoarder en de feiligens fan de ynwenners op de bestjoerlike prioriteitelist fan de gemeente steane, lykas de soarch foar de kwetsberen yn ús maatskippij.

 

Kristen-demokratyske bestjoerders wolle ynteger, betrouber en belutsen węze. Hja sykje foar harren beslútfoarming nei in sa grut mooglik draachflak yn de mienskip.

 

Sa wol it CDA-Dantumadiel de kommende fjouwer jier bouwe oan in soarchsume, leefbere en feilige gemeente, dęr’t elkenien yn telt.

 

Węrom fynt it CDA-Dantumadiel de gemeente wichtich?

 

Gemeenten foarmje yn it foarste plak de basis fan ús iepenbier bestjoer. De gemeente is de rjochtsmienskip, de demokratyske bestjoerslaach dy’t it neist by de minsken en de mienskippen stiet. Fierwei de measte saken dęr’t ynwenners mei konfrontearre wurde yn it deistich libben, spylje harren ôf op it nivo fan de gemeente.

 

Twad komt dęrby dat gemeenten in wichtige taak hawwe by it stypjen en beskermjen fan de lokale mienskip as gehiel en mienskippen fan minsken, lykas de hűshâlding, de skoalle, de tsjerke, űnderskate organisaasjes, en ek de strjitte, buert, wyk of it doarp.

 

1. Harkjen en gearwurkjen

 

It CDA-Dantumadiel is fan betinken dat de gemeenten yn Noard-east Fryslân better yn ‘e mande de problemen oanpakke kinne. Hja moatte de kręften bondelje wat strategy, belied en bedriuwsfiering oanbelanget. By stratygyske en beliedsmjittige gearwurking giet it om mienskiplike tarieding. De gemeenten sille harren bedriuwsfiering op elkoarren ôfstimme moatte om dęrnei, dęr’t dat fertuten dwaan kin, gear te wurkjen. Fergrutting fan tsjinstferliening, kostebesparring en fleksibilisearring binne dęrby de kearnbegripen. Gemeenten kinne wurksumheden delegearje oan it gearwurkingsferbân.

 

It CDA-Dantumadiel stipet de fyzje lykas dy beskreaun is yn de Regiofyzje Noard-east Fryslân. Dy strategyske fyzje moat de basis węze foar de beliedsmjittige aktiviteiten. Wy binne der foar om de mienskiplike regeling NOFA (Noardeast-Fryske Oanpak (‘Noordoost-Friese Aanpak’) mei de gemeenten om ús hinne út te wreidzjen. Oare mienskiplike regelingen yn it gearwurkingsferbân moatte opheft en yntegrearre wurde yn ien iepenbier lichem, meidat in gearhingjend gehiel űntstiet. Dy gearwurkingsfoarm mei gjin tredde bestjoerslaach wurde en moat transparant węze. De bestjoering moat syn beslach krije út de gemeentlike programma’s wei en it kolleezje is ferantwurdlik foar de útfiering. It rânebetingst is dat it gearwurkingsferbân doeltreffender wurket as in gemeente apart.

 

Us fyzje op folksfertsjintwurdiging:

-  algemien belang stiet foarop, mar de yndividuele ynwenner moat wol rjocht dien wurde;

-  betrouber, ynteger en dúdlik moat men węze: sizze wat men docht en dwaan wat men seit!;

-  ferantwurdlikens moat men nimme.

 

It CDA-Dantumadiel wol besykje om de ôfstân ta de ynwenners te ferlytsjen troch:

-  streekrjochte beneiering;

-  besite oan buerten en doarpsbelangen;

-  ynsprekkersrűnten foar ynwenners en belangeploegen, likegoed yn de foarfaze;

-  de gemeentlike thússide útwreidzje;

-  riedsgearkomsten en kommisjegearkomsten oantrekliker/tagonkliker meitsje;

-  útlis fan stânpunten jaan yn de kranten en op de CDA-thússide, www.cdadantumadeel.nl.

 

‘Wy fleane foar jo’

 

Tsjinstferliening ‘yn de eagen’ fan it CDA-Dantumadiel, is klear stean foar en meitinke mei de ynwenners, dus klantfreonlik, dúdlik, berikber en betelber. Ferbettering kin űnder oare berikt wurde troch de wei fan balys en fia thússide en e-mail.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel wol rűme iepeningstiden fan it gemeentehűs;

-  it kontakt mei de ynwenners moat sŕ węze dat praat wurde kin fan in korrekte ôfhanneling mei  

   faasje;

-  it CDA-Dantuamdiel wol it fergunningestelsel foar it grutste part feroarje. Dat hâldt yn dat in tal  

   fergunningen ôfskaft of wizige wurdt, sadat mear ferantwurdlikens by de ynwenners dellein wurdt en      

   de gemeente him beheint ta it stellen fan betingsten en it konterlearjen. De ynwenners kinne sels,  

   binnen de wetlike easken, de faasje fęststelle;

-  de boargers moatte goed op de hichte węze kinne fan de gemeentlike aktiviteiten. De hjoeddeiske  

   technyske mooglikheden kinne dęrby tapast wurde. Dochs fynt it CDA-Dantumadiel dat  

   byienkomsten mei ynwenners needsaaklik bliuwe. Ferrassingen yn belied en útfiering moatte wy te  

   foaren komme;

-  de ferheging fan de űnreplike-saak-belestingtariven (OZB) wol it CDA beheine ta it persintaazje fan  

   de ynflaasje. Leezjes moatte kostedekkend węze;

-  it CDA-Dantumadiel wol tefoaren komme dat, troch űnfoldwaande kommunikaasje en  

   miskommunikaasje, (grutte) projekten fertrage wurde troch beswieren fan boargers. Ynformaasje- 

   útwikseling oan belanghawwers (bygelyks buorlju) moat dus yn in ier stadium syn beslach krije en  

   tagelyk tige transparant węze. Oplossingen moatte yn oerlis socht wurde yn de begjinfaze fan in

   projekt en net as de plannen yn in ôfrűnjende faze binne. As gjin oerienstimming berikt wurde kin,

   moatte de prosedueren sa gau mooglik fan ein gean.

 

2. In feilich gefoel

Op it męd fan iepenbiere oarder en feiligens kinne neffens it CDA-Dantumadiel de gemeenten yn Noard-east Fryslân op in tal męden gearwurkje. Sa kinne hja bygelyks hűslik geweld en oare foarmen fan geweld en oerlęst yn ‘e mande oanpakke troch it ynstellen fan in meld-, advys- en ynformaasjepunt. In sinjaalteam kin tagelyk mei oare ynstânsjes previntyf wurkje. Oangeande drank en drugs sil Noard-east Fryslân ek in mienskiplik belied űntwikkelje, mei as útgongspunt minder drankgebrűk troch jongeren en gjin coffeeshops. Fierdersoan jouwe de gemeenten omtinken oan previnsje. Dęrby wurdt tocht oan foarljochting, leefberheidsprojekten, begelieding by werstrukturearringsprojekten, it Haltprojekt en feech-op-fytbelied.

 

It CDA-Dantumadiel is foar de ynset fan tafersjochhâlder, dy’t bestjoerlike boeten oplizze kinne moatte. ‘Veelplegers’ moatte sa effektyf mooglik oanpakt wurde (projekt diederoanpak).

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel fynt it wichtich dat gemeente en ynwenners, benammen as it giet oer iepenbiere  

   oarder en feiligens, mear kontakt mei elkoar hawwe, mear nei elkoar harkje en dus mear fan elkoar

   leare. Dat alles om de feiligens en it feilichheidsgefoel fan de ynwenners fan Dantumadiel;

-  it CDA-Dantumadiel is fan betinken, dat de oerheid de feiligens fan ynwenners de heechste prioriteit

   jaan moat. In goed berikber gemeentlik oansprekpunt op it gemeentehűs is dęr in needsaak foar. De

   ynwenner (kleier/melder) moat op de hichte holden wurde fan de űndernommen aksjes op syn/har

   melding;

-  dęrneist kinne troch ‘ynwennerpanels’ per doarp (of doarpen) problemen yntiids beneamd wurde en

   yn gearwurking mei de gemeente oanpakt wurde. In buordsje mei de tekst ‘Hjir surveillearret de

   buert’ kin previntyf fertuten dwaan;

-  fandalisme moat bestriden wurde en de gefolgen fan fernielerij oan iepenbier grien en strjitmeubilęr  

   moat sa gau mooglik opholpen wurde, om fierder fertuteazgjen tefoaren te kommen;

-  kriminaliteit moat sa gau mooglik oanpakt wurde. It gemeentlik oansprekpunt, de ynwennerspanels  

   en in yntegrale oanpak fan probleemgroepen en probleemhűshâldingen, kinne dęr in grutte bydrage

   oan leverje;

-  jongeren moatte harren ek thúsfiele yn ús gemeente. Meielkoar libjen ferget dęrby ynspanningen fan

   jong en âld;

-  de gemeente is ferantwurdlik foar in buertrjochte oanpak by problemen. Dęrby moat gebrűk makke

   wurde fan de tsjinsten fan de plysje, helpferlieningsynstânsjes, wenningboukorporaasjes,

   jongereinwurkers en tafersjochhâlders (sinjaalteam);

-  de oerheid moat de wengebieten en wegen sŕ ynrjochtsje dat űnferantwurde rydgedrach sa folle

   mooglik te foaren kaam wurdt. Dęrby moat in goede balâns fűn wurde tusken ferkearsremjende  

   maatregels lykas drompels, rotonden en kontrôles. Ofstimming mei, en ynspraak fan de

   oanbelangjende ynwenners is in earsten eask. Dęrneist moat oan de ynwenners fan wengebieten

   dúdlik makke wurde dat benammen eigen bewenners faak soargje foar űnfeilich ferkearsgedrach yn  

   harren wyk. Bewustwurding is in earste stap nei in (ferkears)feiliger wenwyk;

-  de ferkearsfeiligens yn de gemeente moat ferhege wurde. Unferantwurde rydgedrach moat strang

   oanpakt wurde. De gemeente moat, yn gearwurking mei de plysje kontrolearje;

-  tafersjochhâlders, ynwennerspanels, mar ek doarpsbelangen kinne in aktive bydrage leverje om

   plakken oan te jaan dęr’t dat rydgedrach faken foarkomt;

-  troch it ôfjaan fan in brűkersfergunning en it hâlden fan kontrôles moat de gemeente de brânfeiligens

   fan iepenbiere gebouwen garandearje. Op it jin net hâlden oan de rjochtlinen foar brânfeiligens moat

   in sekuer sanksjebelied tapast wurde. De boarger moat dy gebouwen nammentlik sűnder him

   soargen meitsje te hoegen oer de feiligens dęrfan yngean kinne;

-  de gemeente moat in aktueel rampeplan hawwe en taret węze op mooglike rampen dy’t barre kinne.

   Ofstimming en gearwurking mei oanswettende gemeenten is binnen de rampbestriding in eask,  

   krektlyk as it jierliks oefenjen mei alle partners yn de helpferliening.

 

3. Alles draait om feiligens en mobiliteit

 

It CDA-Dantumadiel stribbet dernei om it oantal ferkearsslachtoffers yn de regio te ferlytsjen mei minimaal 25 %. Meidat de measte ferkearsslachtoffers op de provinsjale wegen falle, wol it CDA-Dantumadiel de druk op de provinsje ferheegje om dy wegen feiliger te meitsjen, bygelyks de Ljouwerterdyk, de Lauwersseewei en de Trekwei.

 

Yn de beboude kűm moat de feiligens om de skoallen hinne ferbettere wurde. Tagelyk is permaninte ferkearsedukaasje nedich om feilich ferkearsgedrach yn ‘e hân te arbeidzjen. En by eintsjebeslút fine wy ferkearsfeilige berms wichtich yn dit ramt.

 

It CDA-Dantumadiel fynt dat foar in goede űntsluting fan Noard-east Fryslân it net sűnder de Sintrale As kin. De nije wei betsjut foar Dantumadiel dat de doarpskearnen feiliger wurde en de leefberens en de berikberens fan de gemeente sterk ferbetterje sille. Dy Sintrale As is finansjeel mooglik te meitsjen mei jild út it Waadfűns en mei de opbringsten fan ‘ekstra wenjen en wurkjen’ (sjoch it Streekplan).

As it ta in útdragen saak kaam is, sil it netwurk fan de Noard-east Fryske űntsluting bestean út de Heak om Ljouwert, de Noardwest-tangint, de Sintrale As, de Betonwei (is al klear) en de noch oan te passen Skieding.

De rűnwei om Bűtenpost en de Trekwei tegearre moatte op lykwichtige wize it ferkear ferwurkje kinne, sűnder dat der slűpferkear űnstiet.

 

It CDA-Dantumadiel wol dat it weibyld yn Noard-east Fryslân űndűbelsinnich wurdt. Fierdersoan is it CDA-Dantumadiel fan betinken dat it ynstellen fan 30- en 60-kilometersônen keppele wurde moat oan grut űnderhâld en dat de situaasje op de plakken en it behâld fan besteande busrűten trochslachjaand is.

 

It CDA-Dantumadiel wol ta op in goede iepenbiere ferfiersfoarsjenning foar alle ynwenners, mei in frekwinte busferbining tusken de doarpen en stęden en nei de stasjons en in CVV-Regiotaksje op it plattelân en yn de doarpen. Foarsjenningen foar ferfier en ynfaliden, de âlderein en siken moat optimaal gebrűk fan makke wurde.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel wol him hurd meitsje foar in westlike rűnwei om De Westerein by it spoar del. Dat trajekt komt yn byld sagau’t dúdlik is dat de Eastlike rűnwei net  

   foldwaande oplossingen biedt om de ferkearsdrokte op de Tsjerkestrjitte en de Ferlingde Stasjonsstrjitte te ferminderjen;

-  it CDA-Dantumadiel set him derfoar yn om op koarte termyn rotonden (of oare ôfdwaande oplossingen) op de gefaarlike krusingen yn de Lauwersseewei by De Geast en

   Stiennendaam;

-  it CDA-Dantumadiel wol goed űnderholden trotwaars, dat yn ferbân mei it tanimmend rollatorgebrűk;

-  fytspaden moatte foldwaande breed węze foar in fyts en in ynfalidekarre (scootmobyl) neist elkoar;

-  it bestriden fan de gledte is ek in ferantwurdlikheid fan de ynwenner. Dęrom wol it CDA-Dantumadiel dat foar de berikberens en feiligens fan de trotwaars en oare

   gongelpaden troch de gemeente sâlt beskikber steld wurdt oan ynwenners;

-  it CDA-Dantumadiel wol ta op maatregels om de feiligens fan fytsers yn it bűtengebiet te ferbetterjen. Dęrby moat der spesjaal omtinken węze foar de berms en de

   weibridte yn ferbân mei it lânbouferkear.

 

4. It wengeniet fan Dantumadiel

 

Dantumadiel moat syn namme as wengemeente wier meitsje. It nije Streekplan liket ús mear rűmte te bieden. Dęrom moatte prikken yn it wurk steld wurde foar plannen foar sawol de koarte as de lange termyn.

 

Wy pleitsje foar de neikommende stappen:

-  gau nije fleksibele bestimmingsplannen opstelle;

-  slachfeardich hannelje op de grűnmerk;

-  maksimaal gebrűk meitsje fan ekstra wenningen, ornearre foar Noard-east Fryslân.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel is foar de bou fan libbensrinbestindige hierwenten;

-  foar minder draachkrachtigen, lykas bygelyks jongeren, moatte ek keapwenningen boud wurde dęr’t de stiftingskosten en de lęsten foar enerzjy en űnderhâld fan op te  

   bringen binne. Dęrfoar kin bygelyks gebrűk makke wurde fan de startersliening;

-  der moatte foldwaande perselen foar selsbouwers útjűn wurde;

-  der moat op koarte termyn mear boud wurde foar senioaren, ek yn de (djoerdere) hiersektor. Wy moatte yn dat ferbân ek tinke oan wenjen yn kombinaasje mei

   soarchfoarsjenningen, bygelyks yn wen-soarchsônen;

-  it gebrűk fan enerzjybesparjende techniken yn de wenningbou moat stimulearre wurde;

-  yn de nije bestimmingsplannen moat eksplisyt rekken holden wurde mei de leefberens fan de takomstige bewenners. Dat betsjut: in miks fan wenningen foar in ferskaat  

   oan doelgroepen, foldwaande iepenbier grien, 3 % fan de rűmte foar berneboartersplakken en foldwaande ferljochting;

-  yn nije bestimmingsplannen moat foldwaande rűmte węze foar de jongerein om byelkoar te kommen;

-  der moat omtinken węze foar sosjale feiligens yn (nije) wenwiken: gjin nearzige plakken meitsje;

-  it CDA-Dantumadiel wol foar wenningbou earst de besteande mooglikheden yn de doarpen brűke (ynwreidzje), dęrnei komt útwreidzjen. It CDA-Dantumadiel makket him

   dęrom sterk foar in rűm iepen-gatte-belied;

-  it CDA-Dantumadiel is foarstanner fan it op ‘e nij brűken fan leechkommende en leechsteande agraryske bebouwing foar wenjen;

-  de bou fan nije lânhűzen op plakken dęr’t agraryske bebouwing en aktiviteit harren funksje ferlern hawwe, wurdt yn ‘e hân arbeide;

-  it CDA-Dantumadiel is fan betinken dat wolstânsfrij bouwen ta de mooglikheid hearre moat;

-  foar trochstreaming yn de wenningmerk en om nije ynwenners yn te heljen, moat neitocht wurde oer djoerdere wenprojekten.

 

5. Wurkgelegenheid is leefberens

 

Der is in trijetal aspekten fan belang by it beoardieljen fan de ekonomyske űntjouwing fan Noard-east Fryslân. Dat binne de lizzing fan Noard-east Fryslân foar ekonomysk sterke gebieten yn Nederlân oer, de berikberens fan ús regio, en de mooglikheden fan de bedriuwen om produksjeprosessen te fernijen en nije produkten te produsearjen (ynnovaasje).

 

As gefolch fan it feit dat Noard-east Fryslân op it fuottenein fan Nederlân leit, hat it bedriuwslibben him yn de regio minder sterk űnwikkele en as nedich is foar in tarikkend oanbod fan banen. No’t it belang ôfnimt fan de agraryske sektor, dęr’t in soad minsken (han)wurk fine koenen, is dy sektor ek as banebieder yn it neigean; spitigernôch sil de wurkgelegenheid yn de heine takomst noch fierder tebekrinne.

Op it stuit sit Noard-east Fryslân tangele mei in tekoart oan wurkgelegenheid, in te lege gemiddelde opliedingsgraad troch it fuortgean fan heger oplaten, in te leech nivo fan ynnovaasje en in te lyts tanimmen fan it tal bedriuwen.

 

De mooglikheden dy’t de Nota Rűmte biedt en dy’t it Streekplan liket biede te sillen, moat sa gau mooglik ferwurke wurde yn de bestimmingsplannen. Wy pleitsje foar in ôfstimming fan de bestimmingsplannen bűtengebiet yn Noard-east Fryslân, om effektyf gebrűk meitsje te kinnen fan dy mooglikheden. Wy tinke dęrby oan skaalfergrutting, de rűmte-foar-rűmteregeling, en passende bedriuwichheid yn it bűtengebiet. Frijkommende agraryske gebouwen kinne brűkt wurde foar rekreaasje en duorsume semy- of net-agraryske aktiviteiten. Fansels meie sokke aktiviteiten it besteande agraryske bedriuwslibben net yn ‘e wei stean.

 

It CDA-Dantumadiel is yn de fjouwer Noard-east Fryske gemeenten mei-inisjatyfnimmer ta de mienskiplike NOFA, lykas dy yn 2004 fęstlein is yn de Regiofyzje. Yn dat stik mei de titel ‘Sterk op eigen wijze’, meitsje de fjouwer NOFA-gemeenten harren sterk foar it ferlytsjen fan de ekonomyske spjalt tusken Noard-east Fryslân en de rest fan ús provinsje. Yn dat ferbân winskje hja 2500 ekstra wenningen yn it mienskiplike NOFA-kontigint. Wenjen is in ekonomyske faktor op himsels: de bou fan ien wenning leveret twa manjierren wurk op, en fjouwer bewenne wenningen leverje jierliks ien wurkplak op.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel wol de tsjinstferliening foar űndernimmers sterk ferbetterje. Dat hâldt yn dat aktyf socht wurde moat nei nije űndernimmers, dat bedriuweterreinen op

   foarrie lizze en oan űndernimmers meiwurking jűn wurdt al foardat fergunningen oanfrege wurde. Potinsjele űndernimmers moatte harren wolkom fiele yn ús gemeente;

-  op guon bedriuwsterreinen moat de kombinaasje fan wenjen en wurkjen, űnder krekte betingsten, mooglik węze;

-  bestimmingsplannen moatte op oarder węze meidat spesifike prosedueres suver net tapast hoege te wurden. Prosedueres moatte mei faasje, tranparant en krekt

   ôfhannele wurde. Geunstige fęstigingsbetingsten lykas it űntsluten fan bedriuwsterreinen is needsaaklik;

-  Dantumadiel moat troch it ferkearsprojekt Sintrale As ek ekonomysk winst meitsje. It CDA-Dantumadiel makket him sterk foar ekstra wenningen en bedriuweterreinen

   op sichtlokaasjes;

-  de gemeente Dantumadiel moat oan űndernimmers rűmte biede foar ynnovative űntwikkelingen op it męd fan duorsume enerzjy, lykas dongfergisting, houtferbrâning en –

   fergassing, gebrűk meitsjen fan sinne- en wynenerzjy en folle net genôch. Neist duorsume enerzy kinne dy techniken soargje foar oanfoljend ynkommen.

 

6. Buorkje mei perspektyf

 

Yn Noard-east Fryslân stiet de lânbou ek űnder druk troch tanimmende regeljouwing en merkwurking. Skaalfergrutting, yntinsivearring en ferbreding binne dęrop it antwurd foar libbensfetbere bedriuwen. It CDA-Dantumadiel is fan betinken dat yn Dantumadiel by útstek rűmte is foar dy bedriuwen en dat de regeldruk út de gemeente wei fermindere wurde moat.

 

It CDA-Dantumadiel wol ek duorsumer enerzjyproduksje as ynkomsteboarne op it plattelân ek mooglik meitsje. Griene tsjinsten en blauwe tsjinsten moatte ek merkkonfoarm (reëel) fergoede wurde. Dat belanget yn Dantumadiel it űnderhâld fan houtwallen en elzesingels oan, mar ek it opheinen fan guozzen en wetter dat oer en tefolle is, en ek it botanysk behear en greidfűgelbehear. De agrariër is űnmisber foar in fitaal plattelân en dat moatte de ynwenners en de oerheden dan ek wurdearje. Net allinnich mei wurden, mar ek mei middels.

 

Stânpunten:

-  de gemeente stribbet nei maksimale űntwikkelingsmooglikheden foar de agraryske sektor. Lanlik belied is útgongspunt;

-  agrariërs kinne in wichtige rol spylje by it behear fan it bűtengebiet en lânskipsűnderhâld. Dęr węr’t de gemeente wurk útbesteegje kin, moat oan de sektor dęrta de kâns

   bean wurde;

-  it CDA-Dantumadiel wol mei yngong fan 1 jannewaris 2008 in nij bestimmingsplan bűtengebiet. Yn dat nije plan moat gjin űnderskied mear makke wurde tusken de

   bestimming Agraryske grűnbűn (AG) en Bedriuwsbűn agrarysk (BA), meidat agrariërs mear fleksibiliteit krije yn harren bedriuwsfiering. Yn lanlik miljeubelied en

   provinsjaal en gemeentlik rűmtlik belied wurde de rânebetingsten al regele. Yn it nije plan moat ek it boublok foar agraryske bedriuwen fergrutte wurde;

-  der moat rűmte komme foar nije aktiviteiten yn leechkommen agraryske gebouwen. Dy meie lykwols sittende agrariërs yn de omkriten net yn ‘e wei sitte by harren

   bedriuwsfiering;

-  de gemeente moat yn oerlis mei de agraryske organisaasjes de lânbou stimulearje op dy plakken dęr’t rűmte is, benammen yn gefallen dęr’t agrariërs wike moatte foar

   natuer, de Sintrale As, útwreiding fan doarpen en folle net genôch. Dat kin troch bygelyks as gemeente in aktive rol te spyljen by it sykjen nei in nij fęstigingsplak en

   troch it stimulearjen fan kaveluil. Sa kinne wy de lânbou yn Dantumadiel, ynklusyf besibbe wurkgelegenheid, op peil hâlde;

-  it Nasjonaal Lânskip moat de agrariërs oanfoljende ynkomsten (subsydzje foar griene tsjinsten) biede foar de beheiningen yn de bedriuwsfiering. It CDA-Dantumadiel wol

   dat de ynrjochtingssubsydzje dęrom safolle mooglik te’n goede komt oan lânskipsűnderhâld. De Vereniging voor Agrarisch Landschapsbeheer Dantumadeel (VALD) is

   de útfierende organisaasje yn gearwurking mei sosjaal wurkbedriuw TRION.

 

7. Regels moatte ienfâldich en dúdlik węze

 

Yn stân hâlden en tafersjoch is yn de gemeente fan tapassing op miljeu, rűmtlike oardering, it boubeslút en de Algemiene Pleatslike Feroardering (APF). Utgongspunten dęrby binne neffens it CDA-Dantumadiel dúdlikens, kostebesparring en klantfreonlikens, en ek it stimulearjen fan eigen inisjatyf en ferantwurdlikens by de ynwenners.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel stribbet nei ferienfâldiging fan regeljouwing en fergunningebelied. De gemeente leit ek gjin ekstra regeljouwing boppe-op it lanlike belied;

-  miljeu en rűmtlike foarskriften moatte dúdlik, sinfol en útfierber węze, it yn stân hâlden moat ferfolgens konsekwint syn beslach krije;

-  âlde bestimmingsplannen moatte safolle mooglik wersjoen wurde. It CDA-Dantumadiel wol mei folle minder bestimmingsplannen nei in slachfeardich belied ta. De

   gemeente hâldt troch de wei fan in helder foartrajekt rekken mei de winsken fan belanghawwers. Nei de fęststelling biedt it plan mooglikheden foar in fleksibele ynfolling;

-  űndernimmers dy’t harren neffens de foarskriften fęstigje wolle of útwreidzje wolle, moatte stipe wurde;

-  fan ein geande űndernimmers moatte de kâns krije om stadichoan yn harren bedriuw groeie te kinnen, ek as der net fuortdaliks ynkommen út helle wurde kin.

 

8. In skjin, sűn en grien Dantumadiel

 

Heech yn it findel fan it CDA-Dantumadiel stiet rintmasterskip. Hoewol’t dy opdracht alle beliedsmęden beslacht, jildt it yn it bysűnder foar miljeubehear. It neilibjen en yn stân hâlden fan miljeufoarskriften sil de kommende tiid dan ek ekstra omtinken krije moatte. Om it miljeu te sparjen moatte wy it lossen fan skealike stoffen op it bűtenwetter tefoaren komme. Op plakken dęr’t riolearring net helber is, binne de saneamde Yndividuele Behannelings Offalwetter (IBA’s) mei klam yn byld.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel wol duorsume enerzjyproduksje yn Dantumadiel stimulearje. Wy tinke oan sinne- en wynenerzjy, dongfergisting, houtferbrâning, ferbou fan

   biobrânstoffen en kompostearring, benammen yn projekten mei ynwennerpartisipaasje;

-  de bou fan duorsume nije wenningen mei in leech enerzjyferbrűk moat befoardere wurde;

-  it CDA-Dantumadiel wol aktyf ynsette op minder hűssmoargens en grienôffal. De besparring moat streekrjocht te’n goede komme oan de ynwenners;

-  rioeloerstoarten moatte oan hege easken foldwaan, sadat lossing yn oerflaktewetter allinne by hege útsűndering (ekstreme rein) bart. By nijbou en renovaasje yn de

   beboude kűm is it CDA-Dantumadiel foar aparte rioelstelsels;

-  fertuteazgjen fan ús gemeente wurdt bestriden troch yn ‘e mande mei de ynwenners wurk te meitsjen fan in skjinner leefmiljeu, tink ek oan omtoarkjende smoargens en

   hűnestront. De gemeente jout it foarbyld en stjoert oan en dęrby moat in berop dien wurde kinne op de eigen ferantwurdlikens čn de meiwurking fan de yndividuele

   ynwenners en buerten.

 

9. Meielkoar libje docht men net allinnich

 

Wolwęzen is in breed męd dęr’t de oerheid mar in beskieden rol op spilet. Yn Noard-east Fryslân hawwe wy in tradysje dęr’t it giet om in goed organisearre ferieningslibben, gefoel foar kultuer en in hege mjitte fan soarch foar de meiminske (mantelsoarch). Frijwillige ynset fan in soad is it semint fan de maatskippij! It CDA-Dantumadiel is fan betinken dat dęrom bliuwende ynset fan frijwilligers tige wichtich is. Dochs wurde hieltyd mear soarchlike lűden heard oer it finen fan frijwilligers. Yn ‘e mande mei oare gemeenten yn Noard-east Fryslân moat in kręftich belied fierd wurde om frijwilligers te behâlden.

 

Foar swakken yn de maatskippij moat de gemeentlike oerheid neffens it CDA-Dantumadiel jimmeroan in skyld węze. Regionale gearwurking is needsaaklik foar optimale soarch . Meikoarten komt de Wmo (‘Wet maatschappelijke ondersteuning’) op it buordsje fan de gemeente. Langduorjende soarch en maatskiplike stipe wurde skaat. Gemeenten sille de lichtere foarmen fan help en stipe organisearje moatte. De Wmo draacht der ta by dat minsken sa lang mooglik selsstannich funksjonearje. Mar ek yn breder ferbân sil de Wmo him jilde litte, te tinken falt oan wolwęzensaktiviteiten, opfiedingsstipe, wenningoanpassingen, ynformaasje en advys.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel wol it frijwilligerswurk safolle mooglik stimulearje en stypje;

-  de doarpshűzen binne űnmisbere skeakels yn ús mienskip. Sűnder ynset fan frijwilligers en draachflak yn it doarp kin it net. Under dy betingsten is it CDA-Dantumadiel  

   ree om yn minne tiden by űnfoarsjoene kosten by te springen yn de eksploitaasje;

-  it CDA-Dantumadiel is fan betinken dat de gemeente de boargers stimulearje moat om lid te wurden fan de bibleteek. Dat is fan grut belang foar it yn stân hâlden fan dy

   foarsjenning yn űnderskate doarpen;

-  it CDA-Dantumadiel wol wolwęzensaktiviteiten ticht by de minsken bringe. Ynformaasje en advys oer saken as sűnenssoarch, opfiedingshelp en wenningoanpassingen

   kinne út in sintraal punt yn it doarp (stipepunt doarpshűs) wei jűn wurde;

-  by opfiedings- en oare maatskiplike problemen is iere sinjalearring essinsjeel. It CDA-Dantumadiel fynt dat maatskiplike help mei faasje bean wurde kinne moat. Ynset

   fan Yntersoarch en Algemien maatskiplik wurk kinne dy soarch biede.

 

Yn ´e mande mei de jongerein en harren âlden

 

It mei sein wurde: mei it grutste part fan de jongerein giet it goed. Ut yntergemeentlik űndersyk docht bliken dat 85 % fan de jongerein gjin problemen hat. Lykwols, de problemen fan de oare 15 % wurde wol hieltyd mear komplisearre. Learkręften wurden jimmeroan mear konfrontearre mei mearfâldige problematyk fan learlingen en opfiedingsfragen fan âlden. Yn alle gemeenten yn Noard-east Fryslân binne der soargen oer it (te) hege alkoholgebrűk űnder jongfolk; it gebrűk fan (soft)drugs űnder jongfolk jout hieltyd mear soarch.

Oerlęst is fansels in relatyf begryp, mar der wurdt benammen yn it sneinoer hieltyd mear oerlęst űnderfűn en fernieling fęststeld. Ek al binne âlden en fersoargers primęr ferantwurdlik foar de opfieding fan harren bern, dochs hat de maatskippij dęrby in ferantwurdlikheid. Meidat der hieltyd minder sosjale gearhing is (buorlju, famylje, tsjerken), sil dy stipe no mear troch helpferlieners bean wurde moatte. Der binne aldergelokst in soad foarmen fan helpferliening, mar de mooglikheid is dat jongfolk mei problemen dy helpferliening min wit te finen. Dęrom is it wichtich dat dy helpferliening leechdrompelich is, en dat de jongerein sels behelle is by it űntwikkeljen fan jongerein- en jongfolkbegelieding. It Stipepunt Jongereinsoarch, it netwurk om de risikojongerein hinne, moat as meldpunt noch mear bekendheid krije.

 

Mienskiplik belied yn Noard-east Fryslân moat űnder oare gean oer:

-  ynfiering fan de ‘Wet maatschappelijke ondersteuning’ (Wmo);

-  sluterstiden fan horekagelegenheden;

-  foarljochting op skoallen oer alkohol- en druggebrűk;

-  yntegrale beneiering fan problemen troch de wei fan in beliedsgroep, dęr’t ynstellingen, jongereinwurkers en de jongereins sels in wichtige rol yn spylje.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel wol jongeren safolle mooglik bewust meitsje fan harren plak yn de gemeentlike maatskippij, bygelyks troch de wei fan it Jongere Ynspeksje Team,

   de Jongereinrie en it Jongereinparlemint;

-  jongerein- en jongfolkwurk moat yn ‘e mande mei it jongfolk ynfolle wurde;

-  it CDA-Dantumadiel wol dat it Stipepunt Jongereinsoarch mear bekendheid krijt en dat dęr dus better gebrűk fan makke wurdt;

-  it CDA-Dantumadiel is fan betinken dat wy de hingjongeren wat biede moatte om ta in mear sinfolle besteging fan harren frije tiid te kommen. Yn ‘e mande mei de

   jongeren, harren âlden en de jongereinwurker moat socht wurde nei oplossingen, bygelyks yn sport en frijwilligerswurk;

-  foarljochting oer alkohol- en druggebrűk en âlden, op skoallen en by ferieningen bliuwt in needsaak.

 

Yn ‘e mande mei de senioaren

 

Troch de feroaringen yn it âlderebelied en yn de Algemiene Wet Bysűndere Syktekosten (AWBZ) krijt de gemeente hieltyd mear te krijen mei saken dy’t âlden oanbelangje. Benammen de allinnichsteande âldere mei in lyts ynkommen hat spesjaal omtinken nedich. In ynstrumint dęrby is de bysűndere bystân en de frijskatting fan gemeentlike belestingen. In mienskiplik minimabelied yn Noard-east Frysk ferbân soarget foar in gelikense behanneling en kin fersterkjend wurkje.

It is winsklik, dat der ien loket is dęr’t ynformaasje en advys jűn wurdt oer foarsjenningen yn it ramt fan wenjen, soarch en wolwęzen. Goede kommunikaasje mei âldere-organisaasjes is fan węzentlik belang: net prate oer, mar prate mei âlderen, sil it kredo wurde moatte. Alderen moatte folweardich dielnimme kinne oan de maatskippij. Hieltyd minder âlderen wolle yn de beskerme omjouwing fan in fersoargingshűs wenje. De measten stribje dernei om salang mooglik selsstannich te wenjen. Dat betsjut dat hja de nedige soarch sa lang mooglik yn harren eigen wenomjouwing krije wolle.

De kliďntstiper moat dęryn in stjoerende en koördinearjende rol hawwe en ynventarisearje wat nedich is om in goed soarchbelied te stypjen en mei foarm te jaan.

 

Gemeenten hawwe in stjoerende en betingsteskeppende taak. Soarchoanbieders en soarchfregers kinne yn ‘e mande mei de gemeente soargje foar in goede ôfstimming fan help. Gearwurkingsferbannen (węrűnder tsjerken en de Stifting Wolwęzen Dantumadiel) hearre dęryn te partisipearjen. Foar alle partijen is it fan belang om yn te spyljen op de effekten fan de fergrizing, om net achter de feiten oanrinne te moatten. Tefoaren kaam moat wurde dat âlderen yn in isolemint reitsje. Dęrby moat de oanfoljende âlderesoarch sa leech mooglik yn de eigen omjouwing jűn wurde.

 

Stânpunten:

-  âlderen jouwe sels oan węr’t hja ferlet fan hawwe. Goed oerlis mei de senioarerie en oare âldere-organisaasjes lykas de ANBO en de PCBO moat fęstlein wurde yn de

   gemeentlike organisaasje;

-  de kliďntstiper moat ynset wurde om it ferlet űnder âlderen ynsichtlik te meitsjen. It CDA-Dantumadiel wol, as dat nedich is, op ‘e nij jild oan ‘e kant lizze om dy funksje

   yn de gemeente te hâlden;

-  it CDA-Dantumadiel wol befoarderje dat âlderen sa lang mooglik op harsels bliuwe kinne, bygelyks yn lytsskalige wenfoarmen of wen-soarchsônen, passend by de

   hjoeddeiske fraach út de maatskippij. It is nedich dat âlderen de soarch dęr’t ferlet fan is sa lang mooglik yn harren eigen wenomjouwing krije kinne;

-  it CDA-Dantumadiel wol bysűnder omtinken foar it isolemint fan âlderen dy’t net mear selsstannich harren hűs ferlitte kinne. It moat stimulearre wurde om mei frijwilligers   

   út it doarp (of de buert) dęr mienskiplik in besitesysteem op te setten.

 

Sport hat in soad funksjes

 

Krekt de gemeente kin sűn bewegen stimulearje troch de sport te befoarderjen. Sportferieningen hawwe dęrby in kaaiposysje. De gemeente kin de sport brede stjoering jaan troch de wei fan projekten, en dęrmei oan de sportferieningen hanfetten jaan om in goede libbensstyl te befoarderjen. Dęrneist binne sportferieningen ek fan belang foar de maatskiplike opfieding. Fia wedstriid en spul űnderfine jongeren dat spulregels by de maatskippij hearre. Behalven foar de boppeneamde brede stjoering sil de gemeente him ek ynsette moatte foar it nivo fan de kaderfunksjes en it frijwilligerswurk fan dizze maatskiplike organisaasjes.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel wol dat de sportakkomodaasjes yn Dantumadiel konkurrearjend wurde. Der sil benammen ynset wurde moatte op ekstra gebrűk, lykas

   eveneminten. Privatisearring of behear útbesteegje slút it CDA-Dantumadiel net út;

-  it CDA-Dantumadiel wol aktyd belied fiere om safolle mooglik jongfolk sporte te litten, ek as middel yn de striid tsjin ferfeling, net-winske hâlden en dragen (hingjongeren)

   en oergewicht.

 

10. Soargje foar elkoar

 

De gemeente hat as wichtige taak de swakken yn de maatskippij in helpende hân te bieden. No’t de mooglikheden dęrta fan rykswegen hieltyd mear beheid wurde, sil de gemeentlike organisaasje noch mear as foarhinne neigean moatte hokker help bean wurde kin. De ynfiering fan de Wet maatskiplike stipe jout nije kânsen om it sosjaal belied in eigen gesicht te jaan binnen de rűmte fan de wet. Dęrneist sil ek in aktyd belied fierd wurde moatte om meiboargers net yn in sosjaal isolemint reitsje te litten. Mooglikheden moatte űndersocht wurde om minimabelied yntergemeentlik ôf te stimmen of út te wreidzjen. De útfiering fan de Wet Sosjale Wurkfoarsjenning is in wichtige ferantwurdlikheid foar de gemeente.. Dy sil űndersykje moatte oft SW-bedriuwen en reyntegraasje-aktiviteiten elkoarren fersterkje kinne wat de mooglikheden ta wurk oanbelanget.

 

Tsjerken en oare maatskiplike organisaasjes ferfolje in wichtige rol by de bewustwurding fan maatskiplike problemen, lykas earmoede en sosjaal isolemint. De gemeente moat dan ek omtinken jaan oan de fraach hoe’t hy de organisaasjes by de sosjale problematyk behelje kin.

 

Stânpunten:

-  it bystânsbelied moat rjochte bliuwe op de begelieding nei regulier wurk. Yn dy gefallen dęr’t de gewoane arbeidsmerk net helber is, wurdt frijwilligerswurk stimulearre;

-  it persoansbűne budzjet foar soarch jout de minsken de frijheid om de eigen soarch yn te keapjen op mjitte. It CDA-Dantumadiel is fan betinken dat it gemeentlik belied

   dęrop ôfstimd węze moat;

-  de sosjale wurkfoarsjenning is in wichtige ferantwurdlikheid fan de gemeente. Dantumadiel moat űndersykje oft SW-bedriuwen en reyntegraasjebedriuwen elkoarren

   fersterkje kinne wat de mooglikheden ta wurk oanbelanget;

-  it CDA-Dantumadiel wol ekstra omtinken foar skuldhelpferliening. In aktyf belied op begelieding fan ynwenners om te learen om te gean mei finânsjes en it fieren fan in

   administraasje moat yn stân holden wurde en as dat nedich is útwreide wurde;

-  in fęst oansprekpunt dęr’t ynformaasje en advys ynwűn wurde kin oer űnder oare bysűndere bystân en oanfoljende syktekostefersekering is nedich.

 

11. In takomst foar ús kulturele erfenis

 

Op kultureel gebiet giet it derom, de weardefolle histoaryske skatten en kulturele gebrűken foar de generaasjes nei ús te bewarjen. Soargje foar in duorsume ferfolchbestimming sil in hege prioriteit hawwe, no en yn de takomst. Foarbylden dęrfan binne de Fryske taal en de sosjale gearhing (koheezje) yn de doarpen en op it plattelân. Mar ek it suteljen mei selsmakke produkten by de doarren del, de hannel en de lytsskalige hobbymjittige feehâlderij yn de Noardlike Fryske Wâlden.                                                                     

 

De gemeente moat each hawwe foar de neidielige ynfloed fan de fergrizing op kulturele ferieningen en de lytse kearnen. Foar de leefberens is it goed om de niget fan de jongeren dęrfoar libben te meitsjen.

De Fryske taal moat in aktivere rol spylje yn it gemeentlik belied. Frysk is gjin histoarysk restferskynsel, mar in libben kommunikaasjemiddel, sawol műnling as skriftlik.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel set him yn foar it behâld en de útwreiding fan pleatslike kultuerhistoaryske aktiviteiten. Dęrby wurde partikuliere inisjativen dęr’t de wurkgelegenheid

   by stimulearre wurdt, fansels stipe;

-  it CDA-Dantumadiel set him yn foar it behâld fan de hobbymjittige feehâlderij, fokútstallingen en hannel (suteljen by de doarren del);

-  it CDA-Dantumadiel is foarstanner fan twatalige plaknammebuorden mei de Fryske namme boppe en de Hollânske namme űnder. Ynfiering wurdt dien by ferfanging fan

   de buorden;

-  offisjele nammen fan nije (gemeentlike) gebouwen, strjitten, bręgen en wetters wurde Frysk;

-  it CDA-Dantumadiel stribbet dernei om besteande Nederlânsktalige iepenbiere nammen te ferfangen troch Fryske, as dat kosteneutraal syn beslach krije kin. It

   bedriuwslibben wurdt dęr ek ta stimulearre.

 

12. Kânsen yn it űnderwiis

 

Gemeenten kinne op it męd fan űnderwiis hieltyd mear in eigen belied fiere. Dęr giet in analyze fan de problemen oan foarôf. Noard-east Fryslân skaaimerket him troch in relatyf hege wurkleasheid, en it persintaazje leech oplate âlders is dęr grut. Dat hat syn útwurking op de bern: it ambysjenivo is net heech; in soad bern kieze foar in oplieding űnder harren nivo. Underwiis efterstân fynt syn oarsaak foar it grutste part yn de foarskoalske perioade en docht benammen bliken oan taalefterstân. Bern dy’t by it begjin fan harren skoalrinpaad in efterstân hawwe, rinne dy net maklik yn, węrtroch’t de kâns grut is dat hja letter op in ferskaat oan męden út ‘e boat falle. Bern ferskille yn jeften en talinten, mar elk bern heart gelikense kânsen te hawwen. Underwiiskânsebelied foarmet it hert fan it gemeentlik űnderwiisbelied.

 

Yn it fuortset űnderwiis, benammen yn it MBO, wurde tefolle iertiidske skoalferlitters oantroffen. Dy jonge minsken hawwe in grutte efterstân op de arbeidsmerk. Dęrom moat elke iertiidske skoalferlitter as noch binnen syn mooglikheden in diploma helje. Om dat te berikken is it kombinearre learen en wurkjen in doeltreffende oanpak.

 

Gearwurking liedt meastentiids ta in dúdlike mearwearde, benammen by oerienkomstige problematyk lykas yn de Noard-east Fryske gemeenten. Op in soad gebieten soe dęrom oparbeide wurde kinne, űnder oare:

-  troch it tebekkiringen fan it skoalfersűm, dęr’t de learplichtamtners in wichtige rol spylje;

-  by it űnderwiiskânsebelied;

-  by it learlingeferfier;

-  by de ferselsstanniging fan it iepenbier űnderwiis;

-  yn de folwoechsenedukaasje;

-  by it sykjen fan staazjeplakken en wurk/learplakken;

-  by de maatskiplike staazje.

 

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel set him yn foar it behâld fan it kristlik űnderwiis yn Dantumadiel;

-  foar de leefberens yn de doarpen moatte wy derop ta, dat ek yn de lytse kearnen (dependânsen) fan skoallen bestean bliuwe;

-  it iepenbier űnderwiis moat, lykas it kristlik űnderwiis, selsstannich funksjonearje;

-  om tefoaren te kommen, dat bern in efterstân oprinne, jout it CDA-Dantumadiel prioriteit oan foar- en ierskoalske edukaasje. Efterstannen moatte yntiids sinjalearre en

   oanpakt wurde;

-  it CDA-Dantumadiel sjocht in soad goede űnwikkelingskânsen foar alle bern yn de foarming fan de ‘brede skoalle’. It CDA-Dantumadiel set him yn om dy yn De Broek

   stal te jaan. By goed funksjonearjen moat dy skoalfoarm útwreide wurde nei de oare doarpen;

-  funksjoneel analfabetisme moat besprekber makke wurde en troch de wei fan folwoechsenedukaasje oanpakt wurde;

-  it CDA-Dantumadiel makket him sterk foar it űnderwiis yn de Fryske taal;

-  de gemeente moat in stimulearjende rol spylje om it Frysk histoarysk besef en de gemeentlike omjouwingsskiednis yn it űnderwiis fęst te lizzen;

-  it CDA-Dantumadiel kiest foar kwalitatyf goed űnderwiis yn goed űtillearre gebouwen, dęr’t nije űntwikkelingen yn it űnderwiis by opnommen wurde yn de

   hűsfęstingsferoardering;

-  it CDA-Dantumadiel sjocht it belang fan de maatskiplike staazje, dęr’t jongeren aktyf yn yn ‘e kunde komme kinne mei frijwilligerswurk. Yn oerlis mei de skoaldireksjes

   kin űndersocht wurde, węr’t dat ynpasber is yn it lesprogramma en ynfierd wurde kin. De gemeente stimulearret (bygelyks yn gearwurking mei de frijwilligersintrale)

   dernei de ynwenners/ferieningen om staazjeplakken oan te bieden.

 

13. Oantreklik Dantumadiel

 

It gebied Noard-east Fryslân wurdt skaaimerke troch ręst, rűmte, in iepen karakter en ferskate kultuereleminten. Toerisme is by útstek gaadlik om in bydrage te leverjen oan in ferantwurde ekonomyske űntjouwing. Natuer is nammentlik net allinne om te behâlden, mar ek om fan te genietsjen. Op toeristysk męd binne hjirre in tal wichtige trekpleisters. De gemeente hat in betingsteskeppende rol as it giet om it winnen en hâlden fan dy ekomonyske aktiviteit. Ofstimming en gearwuking mei oare gemeenten en űndernimmers yn de regio is dęrby fanselssprekkend. De VVV, Fryslân Marketing en TOOL (Toeristyske Undernimmers Lauwerslân) binne dęrby strategyske partners. De Noard-east Fryske gemeenten wolle de rekreative sektor fierder űntwikkelje ta in wichtige ekonomyske aktiviteit. De VVV hat dęryn in wichtige loketfunksje en moat him fierder talizze op produktűntwikkeling, wylst Fryslân Marketing de promoasje en marketing foar syn rekken nimme moat.

 

Der moat mear omtinken jűn wurde oan Noard-east Fryske arranzjeminten (dei, sneinoer, wike) foar de űnderskate doelgroepen, dęr’t űnderskate toeristyske eleminten oan elkoar keppele wurde kinne.

In punt fan omtinken is it ferbinen fan fytsrűten troch yn de regio, meidat dy sűnder naad op elkoar oanslute en fytsers op elk knooppunt opstappe kinne.

Stânpunten:

-  it CDA-Dantumadiel wol dat it bestimmingsplan Bűtengebiet op koarte termyn feroare wurdt; dęrby moat rekken holden wurde mei rűme űntwikkelingsmooglikheden foar

   űndernimmers yn rekreaasje en toerisme;

-  Dantumadiel hat te min oernachtingsmooglikheden. It CDA-Dantumadiel wol dat de gemeente inisjativen dęrta stimulearret en sels aktyf siket nei lokaasjes foar in

   gruttere camping, in bungalowpark (bygelyks yn it kűlisselânskip) en of hotelakkomodaasje;

-  it CDA-Dantumadiel wol dat Dantumadiel mooglikheden kreearret en plannen stimulearret foar oanlisplakken by farrűtes del mei stroom en sanitęre foarsjenningen;

-  it CDA-Dantumadiel fynt it fan belang dat de gemeente partikulier inisjatyf stimulearret oangeande yt/drinkgelegenheden by fyts- en farrűten del;

-  de wetterynfrastruktuer wurdt ferbettere foar de lytse rekreaasjefeart. Neist de ynlit fan de Swemmer ôf moat it ek mooglik węze om út it noarden (Dokkumer Ie) wei

   Dantumadiel mei lytse boatsjes en kano’s te berikken;

-  it CDA-Dantumadiel is foar it pleatsen fan toeristyske ynformaasjebuorden;

-  it CDA-Dantumadiel wol dat it fytspadenetwurk űnderholden wurdt en eventueel útwreide. Dęrby binne de hanwizers, bygelyks mei fytsknooppuntrűten en de oansluting

   mei fytspaden yn oare gemeenten in prioriteit;

-  it CDA-Dantumadiel wol de toeristyske ynfrastruktuer fierder útwreidzje mei (histoaryske) gongel- en ruterpaden (routen).

 

 

 

 

 

 

 

CDA ferkiezingsprogramma (frysk)